Plysje Ljouwert fynt miljoenen euro's oan drugs yn wenhûs

30 jul 2021 - 17:00

By in ynfal yn Ljouwert hat de plysje foar miljoenen euro's oan drugs oantroffen. Dat meldt de plysje. It is noch net dúdlik om hokker drugs oft it precies giet.

Plysjeminsken yn aksje - Foto: De Vries Media

De ynfal yn it hûs wie ûnderdiel fan in grutter ûndersyk. Dêrby is yn it Drinte in laboratoarium foar it meitsjen fan syntetyske drugs fûn.

Der moast in spesjaal team oan te pas komme om it laboratoarium op te romjen. Yn it ûndersyk binne trije minsken oanhâlden.

It giet om ynwenners fan Assen en de gemeente Noordenveld. In 38-jierrige man fan Assen is yn Ljouwert oppakt. Yn de wente waarden 40 kilo drugs fûn. It giet nei alle gedachten om syntetyske drugs, mar it is noch net bekend wêr't it krekt om giet.

De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
plysje drugs
(Advertinsje)
(Advertinsje)