De Ljouwerter freedsmerk oer de mishanneling op Mallorca

30 jul 2021 - 16:08

Wêrom wurde de njoggen Nederlânske jonges net oppakt dy't fertocht wurde fan de dea fan in oare Nederlânske jonge nei in mishanneling op Mallorca? It soe bekend wêze om wa't it giet en der sirkulearje sels nammen op ynternet. Op de Ljouwerter freedsmerk waard der ferskillend oer tocht.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Sy hiene fuort oppakt wurde moatten en eins ek yn Spanje foar de rjochter komme moatten. Dat hie it bêste west." Dat 'earder oppakke', fine mear minsken: "Als dat was gebeurd, was het niet zo uit de hand gelopen. Dan was niet alles met naam en toenaam op internet gekomen met een heksenjacht als gevolg."

In frou frege har ôf oft it kloppet dat it om jonges fan 'ouders met veel vermogen' giet en oft se dêrom ek oars behannele wurde. "Als je dat leest ben je geneigd het te geloven, maar we weten het niet."

In man wie hiel útsprutsen: "Money regearret en pappa regelet it wol. Dat is klassejustysje, of net soms?" In oar hat krekt alle betrouwen yn justysje en dat de dieders harren ferstjinne straf net ûntrinne sille." De rol fan sosjale media waard ek geregeld beneamd: "It is ferskrikkelik hoe't jo dêr al feroardield wurde foar dat der rjocht sprutsen is."

De Ljouwerter freedsmerk oer de oanpak fan 'kopskoppers'

(Advertinsje)
(Advertinsje)