Nederlânske fuotbalsters ferlieze slitaazjeslach nei strafskoppen Feriene Steaten

30 jul 2021 - 15:49

De Nederlânske fuotbalsters hawwe de olympyske kwartfinale tsjin Feriene Steaten nei strafskoppen ferlern. Nei in slitaazjeslach fan 120 minuten stie it 2-2. Sisca Folkertsma fan Sleat waard troch bûnscoach Sarina Wiegman net opnaam yn de wedstriidseleksje en moast fan de tribune ôf tasjen.

Foto: Orange Pictures

De Liuwinnen liken yn de tsiende minút al op efterstân te kommen doe't Tobin Heath frij foar de keepster raak sjitte koe, mar it doelpunt waard ôfkard fanwegen bûtenspul.

De Feriene Steaten hiene yn de iepeningsfaze it bettere spul. Ut it neat kaam Nederlân lykwols op foarsprong. Vivianne Miedema, âld-spylster fan SC Hearrenfean, krige de bal yn it strafskopgebiet en koe út de draai knap skoare.

Oerwicht

Mei in lyts heal oere op de klok slagge de FS deryn om it oerwicht op it fjild ek om te setten yn doelpunten. Yn de 28e minút koe Samantha Mewis de bal frij foarby doelfrou Sari van Veenendaal koppe.

Trije minuten letter krige Nederlân de bal net fuort út it sechstjinmetergebiet, wêrnei't de bal foar de fuotten fan Lynn Williams telâne kaam. Sy strafte dat fuort

Heale kâns genôch

Yn de twadde helte moast Nederlân yn de efterfolging, mar dat wie net fuort oan it spul ôf te sjen. Dochs waard it al gau gelyk. Miedema, dy't har hûndertste ynterlân spile, promovearre yn de 54e minút in heale kâns ta in doelpunt.

Dêrmei sette de topskoarer fan Oranje har olympyske totaal op tsien doelpunten en stie it wer gelyk yn Yokohama. Miedema is de earste frou ea dy't tsien of mear doelpunten makket op ien olympysk toernoai.

Martens mist bûtenkâns

Mei noch tsien minuten te spyljen krige Nederlân dé kâns om de heale finale te berikken doe't Lineth Beerensteyn ûnderút helle waard yn it strafskopsgebiet. Lieke Martens skeat de dêrop folgjende penalty lykwols hiel min yn en dy waard dan ek keard troch de Amerikaanske keepster.

Mei in wier slotoffinsyf besocht Oranje de oerwinning noch yn reguliere spyltiid binnen te heljen, mar sûnder súkses. De froulju moasten der dus noch in healoere oan fêstplakke yn de Japanske hjitte.

Ofkard

Martens skoarde yn de ferlinging wól nei in grutte flater fan de keepster fan de Feriene Steaten, mar dat doelpunt waard úteinlik ôfkard om bûtenspul. Miedema wie efkes letter tichteby in jildige kopgoal. Doe wie de doelfrou lykwols wol skerp.

Yn de twadde helte fan de ekstra tiid seach de FS oant twa kear ta in mooglik winnend doelpunt ôfkard wurden fanwegen bûtenspul, wêrtroch't de ferlinging foar de spylsters foar in grut part bestie út it yn spanning ôfwachtsjen fan de beslissingen fan de tige stadige VAR. Doelpunten kamen der net mear.

Strafskoppen

It wie krekt goalgetter Miedema dy't yn de beslissende penalty-rige der net yn slagge om te skoaren. De spits miste de earste Nederlânske penalty en dêrtroch rûn Oranje fuort al efter de feiten oan. Megan Rapinoe makke it úteinlik snoeihurd ôf, nei't ek Aniek Nouwen har penalty miste.

Dêrmei hawwe de Liuwinnen der nei de ferlerne WK-finale fan 2019 der in nij Amerikaansk trauma by.

De tsjinstanner fan de Feriene Steaten yn de heale finale is al bekend: Kanada. Dy wedstriid stiet foar kommende moandei om 10.00 oere op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)