Yntegriteitsûndersyk nei hanneljen gemeente en ûndernimmer yn boukwestje Damwâld

It kolleezje fan Dantumadiel lit in yntegriteitsûndersyk útfiere om de bouplannen op it terrein fan De Woudhof hinne, in eardere deibestegingssintrum yn Damwâld. Dat te krijen mei in mooglike dûbelrol fan projektûntwikkelder en gemeenteriedslid Romke Postma.
It terrein fan De Woudhof yn Damwâld © Google Street View
Postma hat it terrein yn 2019 kocht en wol der wenten bouwe. Mar hy sit ek yn de ried foar Gemeentebelangen Dantumadiel en mocht stimme oer de kwestje.
Yn de oanfraach fan Postma oan de gemeente soe stean dat it njonkenlizzende plomfeebedriuw efter de bouplannen stie. Mar dat wie net sa. De eigener fan it bedriuw wie fernuvere oer de gong fan saken en stjoerde in brief oan de gemeente.

Stimme

Fan maaie ôf hat de saak om De Woudhof hinne ferkate kearen oan de oarder west yn iepenbiere gearkomsten fan de gemeente. Doe is der ek stimd oer de stikken. Postma hat der as riedslid ek oer stimd. Dêrtroch krigen oare riedsleden it idee dat de belangen fan Postma en de gemeente trochinoar rûnen.

Ynteger hannele?

It ûndersyk nei de kwestje begjint yn septimber en wurdt dien troch in ûnôfhinklik buro. Mei it ûndersyk moat der opheldering komme: hawwe de belutsen partijen ynteger hannele en binne regels neilibbe?
Je kinne je net ferdigenje en dat fielt frij ûnnoflik.
Romke Postma
Postma hat sels om it ûndersyk frege, sa ferklearret de ûndernimmer. "Dat haw ik dien om't der in soad oer de kwestje en oer minsken praat waard. Dêrmei ûntsteane geroften, wylst je sels eins net yn de diskusje minge kinne en wolle. Je kinne je net ferdigenje en dat fielt frij ûnnoflik."
Romke Postma © Gemeentebelangen Dantumadiel
Neffens Postma lûke minsken konklúzjes, wylst sy de oare kant fan it ferhaal net heard hawwe. "Sy hawwe in oardiel wylst sy net ynhâldlik yn de matearje dûke. Dat fielt net aardich."

Postma hat betrouwen yn ûndersyk

Postma hat net it idee dat er sels in ferkearde beslissing makke hat. "Beslist net. Op gjin inkeld momint. Ik sjoch de resultaten fan it ûndersyk mei betrouwen yn 'e mjitte, oars hie ik der sels ek net om frege. Ik hoopje dat it ferhaal dúdlik wurdt en dat de diskusje oer is."

Riedslid bliuwt sitten

De ûndernimmer hat der ek gjin sekonde oer neitocht om him werom te lûken as riedslid. "Dy fraach haw ik my net in inkelde kear steld. It soe wol nuver wêze as men net mear yn it deistich libben funksjonearje kin om't men yn de polityk sit. De polityk moat eltsenien fertsjintwurdigje kinne. It soe nuver wêze as in ûndernimmer net mear yn de polityk sitte kin."
Romke Postma oer de kwestje
Boargemaster Klaas Agricola hopet dat it ûndersyk it betrouwen yn bestjoer en polityk werombringe kin. "It is wichtich dat der helderens en dúdlikens komt. Je moatte der hiel soarchfâldich yn wêze. Ik wol op dit stuit ek net op de ynhâld yn gean, dat is net goed op dit moment."
Agricola jout wol oan dat hy sels in foarûndersyk dien hat, nei oanlieding fan ferskate brieven mei klachten dy't by de gemeente binnen kamen. "Myn konklúzje is om dit út hannen te jaan. It Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten sil it ûndersyk dwaan nei it riden en farren om dit dossier hinne."
Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel
De útkomsten fan it ûndersyk wurde mei it presidium dield, dus mei de foarsitters fan de partijen en de foarsitter fan de ried. "It is dan oan harren hoe't it fierder behannele wurdt. Dat kin ek betsjutte dat it noch op de riedsaginda komt."