RIVM: 93 nije besmettingen, ien stjergefal troch corona

30 jul 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 93 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der seis minder as tongersdei. Doe gie it om 99 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen in lytse 115 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 120, in wike lyn op 196.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân, mei beide 14 besmettingen. Dêrnei folgje Waadhoeke mei 12 en Hearrenfean mei 11 besmettingen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Der binne yn de ôfrûne dei gjin nije pasjinten út Fryslân opnaam yn de Fryske sikehuzen.

Ien stjergefal

Yn de ôfrûne 24 oeren is der ien persoan ferstoarn as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Harns.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3.463. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen goed 4.159 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)