Keunstwurken Monet, Cézanne en Van Gogh nei Fries Museum

30 jul 2021 - 14:29

It Fries Museum krijt takom jier skilderijen fan ûnder oaren Vincent van Gogh en de Frânske ympresjonisten Claude Monet en Paul Cézanne. Se hearre by de tentoanstelling À la campagne! Het Franse licht van Maris tot Monet.

De skilderijen komme út it museum Boijmans Van Beuningen. Dat wurdt ferboud en dêrom ferhûzet de kolleksje tydlik nei Ljouwert.

De tentoanstelling moat sjen litte hoe't it ljocht in wichtige rol spile yn de keunst. Cézanne, Monet en Van Gogh binne net de iennige skilders dy't tydlik nei Ljouwert komme. Der komme ek wurken fan Paul Gaugain, Camille Pissarro, Auguste Renoir, de bruorren Maris, Alfred Sisley, Eugène Boudin en Jan Hendrik Weissenburch nei it museum.

De goed 70 skilderijen en tekeningen binne fan 19 febrewaris oant en mei 17 july 2022 te sjen yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)