Ferdrinking op It Amelân oanlieding foar nije metoade om fermisten te finen

Der komt in test om fermisten op see flugger te finen. Oanlieding is It Dútske famke fan 14 dat ferline jier july yn de Noardsee boppe It Amelân troch ferdrinking om it libben kaam.
Dregteam SOAD (Stichting Opsporings Apparatuur Drenkelingen) by in aksje op see © ANP
It idee en de útwurking fan de metoade komt fan de Urker Stichting Opsporings Apparatuur Drenkelingen (SOAD). Dat skriuwt deiblêd De Stentor.
De SOAD hat in saneamde beugdreg ûntwikkele, in soart apparaat om wat út it wetter te heljen. Gewoan is de apparatuer sa'n twa meter breed, mar dizze dreg kin in spanwiidte jaan fan fyftich meter.

Noch fierder ûntwikkelje

De plysje seit dat de test útwiist dat de metoade goed te brûken is, mar noch wol fierder ûntwikkele wurde moat.
It lichem fan it famke dat by it Amelân om it libben kaam waard pas nei 6 dagen fûn.