Fiskers fiere aksje by Ofslútdyk om 'ûnwerkbere situaasje'

30 jul 2021 - 10:49

Fiskers út hiel Nederlân fiere op 14 augustus aksje by de Ofslútdyk. Se dogge dat omdat se fine dat de regeldruk te heech wurdt.

Foto: Omrop Fryslân

Dan giet it bygelyks om regels oer stikstof, ôfsletten gebieten en wynmûnen op see. De fiskers hawwe noed oer de takomst fan de sektor.

"We zijn al bezig om het groener te maken, maar het moet wel werkbaar blijven", seit fisker Dirk Sloot tsjin RTV Noord. Hy leit oan de Zoutkamperril. Dat is de grins tusken Fryslân en Grinslân. "Je wordt bijna van zee gestuurd, met alles wat er op ons af komt."

In garnalekotter by Lauwerseach - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De float fan demonstrearjende fiskers leit oan by Breesândyk, dêr't in wynpark yn de Iselmar komt. "Windmolens op zee zijn voor ons een groot struikelblok, daaromheen zijn ook steeds meer gebieden die dichtgaan", seit Sloot.

Trefwurden: 
aksje Ofslútdyk fiskers
(Advertinsje)
(Advertinsje)