PC en Freule reitsje kaarten net kwyt: wat is der oan 'e hân?

30 jul 2021 - 08:50

Jierren waard der om fochten: kaarten foar de PC. Mar ek al meie der dit jier minder minsken by wêze as oars, it is noch net net útferkocht. En foar de Freule, dy't in wike letter ferkeast wurdt, jildt itselde. Wat is der oan 'e hân? We freegje it oan beide foarsitters: Ids Hellinga (PC) en Tjeerd Dijkstra (Freule).

Foto: Henk Bootsma

Manlju, hoefolle kaarten ha jim noch?

Hellinga: "Der binne noch in pear hûndert kaarten oer. Mar no't it noch in wike is, begjint it wol wer te rinnen. Dus we leauwe wol dat we der noch in soad fan ferkeapje."

Dijkstra: "We ha noch 600 kaarten fan de 2.500 oer. We sjogge wol dat der elke dei noch in tsiental kaarten ferkocht wurde."

Hoe gong it oare jierren?

Hellinga: "Dan wienen we altyd lang fan tefoaren útferkocht. En op de woansdei sels kamen dan noch wol minsken nei it Sjûkelân om in steankaart te keapjen, mar dat kin no net. Dy kaarten binne der dit jier net. Yn de regel binne dat mear as twatûzen. Dy minsken moatte no in tribunekaartsje reservearje."

Sa lei it Sjûkelân der ferline jier by op de fiifde woansdei fan july - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Dijkstra: "By ús waard de helte yn it foar ferkocht en de oare helte op de dei sels. Foarhinne koene je dus op de bonnefoai nei Wommels ta komme en dan koenen je der altyd yn, want der wie kapasiteit genôch op en om it fjild. Mar dat is no net sa, der binne minder plakken. Dus ik wol de minsken der ek op oantrúnje: wolle je wis wêze fan tagong, dan moatte je op ús webside in sitplak en dêrmei tagongsbewiis krije."

We binne in bytsje in 'proefkonijn'. Dat fernimme we yn de praktyk ek, dat it by in soad minsken de drompel is.

PC-foarsitter Ids Hellinga

Wat is der dit jier allegear oars as oars?

Hellinga: "It is noch mar krekt bekend dat de PC ferkeatst wurde kin mei publyk. De kaartferkeap is dêrtroch ek in hiel stik letter fan start gongen. It wie earst ek nochris ûndúdlik hoefolle minsken oft op it Sjûkelân wêze mochten. Plus dat dat hiele Testen foar Tagong eins net fan de grûn kommen is foar de measte eveneminten. We binne in bytsje in 'proefkonijn'. Dat fernimme we yn de praktyk ek, dat it by in soad minsken de drompel is."

Dijkstra: "By ús binne je dit jier dus net wis dat je samar binnenkomme as je op de dei sels noch gjin kaart ha. Mochten we noch kaarten oerhâlde, dan wolle we dy noch wol oan de man bringe. Mar ik wol eins sizze: gean dat risiko net oan, want dan komme je mooglik foar neat nei Wommels ta en komme je it terrein net op."

Hellinga, jim krigen ek in soad fragen. Oer de QR-koade, oer oft minsken op de dei sels noch binnen komme kinne.

"In hiel soad fragen. We ha der yn ús kommunikaasje ek in protte oan dien, allinnich kenlik is dat noch net by elkenien trochdrongen. We ha noch wol in wike te gean. We fernimme ek wol dat it faak noch op it lêste momint regele wurdt, dus it sil wol goedkomme."

Wat tinke je Hellinga, reitsje jim alle kaarten noch kwyt?

"Dit jier is alles dreech te foarsizzen. Yn it begjin fan dit jier wienen dy earste fuotbalwedstriden mei publyk ek net altyd útferkocht. It is dreech yn te skatten. Kenlik is it by de keatspartijen ek sa."

De PC is ferline jier hielendal net trochgien. De Freule wol, mar sûnder publyk. Dijkstra, wat betsjutte dat finansjeel foar jim?

"We hienen inderdaad gjin publyk, mar we hienen ek minder kosten. Mei help fan de sponsoaren en KV Wommels binne we krekt mei de hakken oer de sleat kaam. Dit jier sette we de tribunes en banken wol op. Dan rinne we wol in finansjeel risiko en ha we in behoarlike útdaging. We moatte dus seker de kaarten oan de man bringe."

Trefwurden: 
keatsen kaarten PC Freule
(Advertinsje)
(Advertinsje)