Bouwmeester makket kâns op goud: "Druk maksimaal opfierd"

Sylster Marit Bouwmeester hat de njoggende race yn de Laser Radial-klasse op de Olympyske Spelen wûn. Yn race 10 waard se sânde. Dêrmei klimt de Wartense nei it twadde plak yn it klassemint. It ferskil mei klassemintslieder Rindom is ek in stik lytser wurden.
Marit Bouwmeester: "Ik wist dat it sa'n dei wurde soe"
Mei de resultaten op it wetter fan Enoshima docht Bouwmeester goede saken. Mei trochdat har konkurrinten foar it poadium yn race 9 yn de efterhoede einigen. "Ik tocht: wat der ek bart, ik lit gewoan myn bêste silen sjen. Ik ha der keihurd foar fochten", seit Bouwmeester tsjin de NOS.

'Diskwalifikaasje

Yn race 10 einigen de measte konkurrinten wol mei boppe-yn, allinnich klassemintslieder Anne-Marie Rindom net. Sy tocht dat se diskwalifisearre waard, omdat se by de start Bouwmeester hindere. Efterôf die bliken dat se wol gewoan starte mocht, mar doe wie it al te let.
De Deense rekket dêrmei in grut part fan har foarsprong kwyt en wie yn triennen by de sjueryboat.
Op tongersdei waard Bouwmeester sels noch diskwalisearre. Se sakke doe fan it tredde nei it sânde plak yn it klassemint.

Spannende striid om de medaljes

"Ik wist dat it sa'n dei wurde soe, want mei sêfte wyn is it supermuoilik. Ik haw maksimaal de druk opfierd yn de hoop dat oaren senuweftich wurde soene", seit Bouwmeester.
© ANP Foto
De Friezinne hat no in foarsprong fan acht punten op nûmer twa Josefin Olsson. Ek de nûmers trije oant en mei sân yn it klassemint meitsje noch in goede kâns op in medalje.
It gat mei klassemintslieder Anne-Marie Rindom wie foar race 10 noch 26 punten, mar troch de diskwalifikaasje fan de Deense is dat yntusken noch mar sân.

Medal race

Mei allinnich de medal race te gean hat Rindom noch wol de bêste papierren foar de olympyske titel. Yn de medal race telle de punten wol dûbeld. Bouwmeester moat dêrom fjouwer plakken foar Rindom einigje (en boppedat net te fier achter har oare konkurrinten einigje) om har olympyske titel te prolongearjen.
"Sjoen de hiele wike bin ik bliid dat ik in kâns haw", seit de sylster. De medal race stiet op it programma foar snein om 8.33 oere.

Klassemint nei tsien fan de alve races

Namme Utslach Totaal
1. Anne-Marie Rindom (Denemarken) 6, 5, 3, 13, 4, 4, 2, 1, 26, DNF (45) 64
2. Marit Bouwmeester 21, 14, 7, 2, 3, 9, DSQ (45), 7, 1, 7 71
3. Josefin Olsson (Sweden) 34, 15, 8, 4, 1, 6, 4, 9, 22, 10 79
4. Sarah Douglas (Kanada) 18, 4, 4, 26, 8, 24, 13, 5, 4, 2 82
5. Emma Plasschaert (België) 10, 17, 11, 8, 6, 5, 5, 4, 17, 21 83
6. Silvia Zennaro (Italië) 13, 20, 2, 6, 17, 11, 3, 10, 9, 13 84
7. Tuula Tenkanen (Finlân) 9, 6, 14, 33, 5, 3, 6, 3, 32, 9 87
De sylsters meie har minste resultaat skrasse. Yn it gefal fan Bouwmeester is dat dus har diskwalifikaasje. Dat soe har oars 45 punten opsmite. Foar Rindom jildt itselde.