Tal besmettingen de wike ôfnaam, mar wol mear pasjinten yn de sikehuzen

30 jul 2021 - 06:00

Dêr't it tal nije coronabesmettingen mei mear as 630 ôfnaam yn ferliking mei in wike earder, is it tal Fryske pasjinten dat opnaam is yn de sikehuzen wol tanaam: fan fjouwer nei sân.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Yn trochsneed gie it om sa'n 120 besmettingen deis yn de ôfrûne wike yn Fryslân.

De gemeente Ljouwert hie mei 145 registraasjes de measte besmettingen, dêrnei folgen Súdwest-Fryslân mei 140 en Waadhoeke mei 79 besmettingen.

Allinne de gemeente Skiermûntseach bleau dizze wike noch frij fan besmettingen.

Flylân en Skylge omrekkene measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Flylân it heechst. Dêr binne omrekkene 433 besmettingen op 100.000 ynwenners fêststeld. Op nûmer twa stiet Skylge mei 205 besmettingen op 100.000 ynwenners. Dêr moat wol by sein wurde dat it tal ynwenners fan dizze eilângemeenten mar hiel beheind is.

Nei dizze gemeenten folget Waadhoeke mei 171 besmettingen op 100.000 ynwenners.

Ien stjergefal en sân sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike is der ien Fries ferstoarn dy't it coronafirus hie. It giet om in ynwenner fan Harns. Der binne sân Friezen yn it sikehûs opnaam: ynwenners fan Waadhoeke, De Fryske Marren, Tytsjerksteradiel, Opsterlân, Achtkarspelen en Súdwest-Fryslân (dy lêste gemeente mei twa ynwenners).

Yn totaal hast 47.900 Friezen corona hân

Mei de 838 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 47.899 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân stiet op 481. It echter tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
(Advertinsje)
(Advertinsje)