Scouts op It Hearrenfean yn aksje foar scoutingklups yn Limburch

29 jul 2021 - 22:09

Fiif leden fan scouting Polaris op It Hearrenfean hawwe in bysûndere aksje op tou set. Se ha op in yndustryterrein in grut platfoarm opboud fan houten peallen, dêr't seis dagen op slept wurdt. Net sûnder doel, der wurdt jild ynsammele foar de scoutingklups yn Limburch.

Scouts makken it grut bouwurk op It Hearrenfean:

De scouts binne fan doel om seis dagen op hichte te libjen. "We hebben het in drie dagen opgebouwd en we blijven hier zes dagen. Het is de bedoeling dat we de grond niet aanraken," sa fertelt Menno Hoekstra.

De manlju hawwe betocht om it simmerkamp oan in aksje te keppeljen. "We doen dit voor een goed doel. In Limburg zijn heel veel scoutingterreinen vernield door de overstromingen van de afgelopen weken. We willen daarom zoveel mogelijk geld inzamelen om het weer op te bouwen."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by it platfoarm op It Hearrenfean

Der wiene tsientallen stammen en hûnderten meters tou nedich. Der sit in keukentsje op en der wurdt op it platfoarm sliepen op matsjes en in hingmatte. "Alleen de boodschappen komen binnen. En de pizzabezorger. Maar verder niet", laket Hoekstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)