Ljouwerter drankrider sûnder jildich rydbewiis oanholden

29 jul 2021 - 21:09

Op it Cambuurplein yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in 51-jierrige man oanholden. Hy siet ûnder ynfloed fan alkohol en sûnder jildich rydbewiis efter it stjoer. Om't de man al faker oppakt is foar dizze feiten, is syn auto yn beslach nommen.

Foto: Shutterstock

De fertrochte hat in rydferbod oplein krigen en der binne ferskate proses-ferbalen tsjin him opmakke.

De plysje krige earst in melding fan in oanriding trochdat ien net goed wurden wie. Op it plysjeburo die bliken dat de Ljouwerter 940 Ug/l blaasde. Dat is mear as fjouwer kear safolle as dat tastien is.

Trefwurden: 
plysje Cambuurplein
(Advertinsje)
(Advertinsje)