57 persint fan Fryske wurkjouwers rint risiko op werombeteljen NOW-stipe

29 jul 2021 - 20:32

Hast 57 persint fan Fryske wurkjouwers rint it risiko dat sy de NOW-needstipe (Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid) folslein werombetelje moatte. Dat docht bliken út ûndersyk fan útkearingsynstânsje UWV.

Foto: ANP

It docht bliken dat 37 persint fan de ûndernimmers net wit dat sy sels in definitive berekkening fan har NOW-temjittekomming oanfreegje moatte. Oant no ta hat minder as de helte fan de wurkjouwers yn Fryslân dat dien (43 persint). It UWV warskôget ûndernimmers dat sy dat wol dwaan moatte, om't it oars liede kin ta weromfoardering fan it folsleine foarskot.

'Zorgwekkend'

Ut ûndersyk fan it UWV docht bliken dat 2.581 fan de 4.361 wurkjouwers harren berekkening noch trochjaan moatte. Dat kin noch oant 31 oktober. It UWV neamt dit 'zorgwekkend.'

Neffens it UWV hawwe boekhâlders en akkountants it ek tige drok op dit stuit. Dat betsjut dat de ûndernimmers it benammen sels dwaan moatte.

Trefwurden: 
UWV coronafirus NOW
(Advertinsje)
(Advertinsje)