Motorrider ferwûne rekke troch botsing mei in auto yn Drachten

29 jul 2021 - 19:57

Oan de Splitting yn Drachten kamen tongersdeitejûn in auto en in motor mei-inoar yn botsing. Mei it ûngelok kaam de bestjoerder fan de motor hurd op de dyk telâne. Ambulânsemeiwurkers hawwe de bestjoerder rap nei it sikehûs brocht. Nei alle gedachten is de motorrider oer de holle sjoen doe't de auto ôfsloech.

Foto: BTBfotografie

De motor kaam klem te sitten ûnder de auto. De plysje docht ûndersyk nei de krekte oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok Splitting
(Advertinsje)
(Advertinsje)