Oefenwedstriid SC Cambuur skrast fanwege alwer in coronagefal

29 jul 2021 - 17:57

SC Cambuur hat de oefenwedstriid fan sneon tsjin FC Emmen skrast. Neffens de fuotbalklup hat it te krijen mei 'personele problemen.' Dat komt om't der wer ien posityf test is op it coronafirus en om't de seleksje út foarsoarch maatregels nimt.

Foto: Orange Pictures

Wa't in kaartsje kocht hat, krijt fia de e-mail te hearren hoe't it fierder rint. Cambuur hat noch mar trije wedstriden spile as tarieding. Oer twa wiken begjint de kompetysje al. It is noch wol de bedoeling dat der op 7 augustus tsjin Waasland Beveren spile wurdt.

Tredde oefenwedstriid dy't net trochgiet

It is net de earste kear dat in oefenwedstriid fanwegen it coronafirus net trochgiet. Op 13 july waard de oefenwedstriid tsjin FC Dordrecht der ek al út helle. Dat hie doe te krijen mei ferskate coronagefallen by Dordrecht. Ek in wedstriid tsjin FC Twente gie 10 july net troch fanwegen corona, mar foar dy tsjinstanner waard in ferfanger fûn yn Telstar.

Sûnt ôfrûne wike binne der ferskate coronagefallen by de fuotbalklup konstatearre:

(Advertinsje)
(Advertinsje)