Fertochte mishanneling Ljouwerter brêgewipper bliuwt langer fêstsitten

29 jul 2021 - 17:47

De fertochte fan in mishanneling fan de brêgewipper by de Vrouwenpoortsbrug fan Ljouwert bliuwt langer fêstsitten. De plysje fan Ljouwert hat in soad tsjûgen heard nei't sy in oprop dien hiene.

Foto: Omrop Fryslan, Dieuwke Kroese

It giet om in 30-jierrige Ljouwerter. De man krûpte ûnder de slachbomen troch en sloech de brêgewipper yn it gesicht. De fertochte is troch de plysje ynsletten en de brêgewipper hat oanjefte dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)