Soarchynstelling Ljouwert set eigen akku's yn fanwege problemen op stroomnet

29 jul 2021 - 16:54

Omdat it elektrisiteitsnet de fraach nei stroom net oan kin, ynstalearret in nije soarchynstelling yn Ljouwert sels akkubatterijen foar de eigen stroomfoarsjenning,

In monteur oan it wurk - Foto: ANP

It giet om de nije ôfdieling Jabikshof fan soarchynstelling Noorderbreedte. Dy ôfdieling koe net yn gebrûk naam wurde, salang't it stroomprobleem net oplost wie.

It probleem spilet rûnom yn Fryslân. It komt trochdat der hieltyd mear sinnepanielen binne dy't elektrisiteit weromleverje oan it stroomnet, en trochdat der hieltyd mear wenningen en bedriuwen fan it gas ôf geane. "Elektriciteit is niet meer vanzelfsprekend", sei in wurdfierder fan stroombedriuw Liander dêr earder oer.

Neffens de soarchynstelling koe de stroomtafier net earder oanlein wurde as tusken 2023 en 2026. Oant dy tiid soe de ferhuzing útsteld wurde moatte, wylst fierder alles dêr yn desimber fan dit jier al klear foar wêze soe.

Troch akku's te brûken, tinkt de soarchynstelling dat de bewenners op syn lêst yn maart fan 2022 ferhúzje kinne.

'Goed en veilig'

De ynstelling krijt wol in 'lytse' oansluting fan Liander. "Zo beschikken we straks over de elektriciteit die we nodig hebben", seit regiomanager Bram Terpstra fan Noorderbreedte yn in brief oan de bewenners.

Neffens Terpstra binne de akku's 'een goed en veilig alternatief' foar de stroomfoarsjenning.

Direkt nei de boufak begjint Noorderbreedte mei it pleatsen fan de akkubatterijen en it oanpassen fan de technyske ynstallaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)