Erwin Zeinstra tinkt nei oer nije rol as coach foar jonge skiedsrjochters

29 jul 2021 - 16:34

No't skiedsrjochter Björn Kuipers ophâldt, komt der ek in ein oan Team Kuipers, dêr't Erwin Zeinstra fan Dronryp as assistint skiedsrjochter ek by sit. Zeinstra sil noch om tafel mei de KNVB. "Ik tink dat in rol yn it coachen en begelieden fan jonge skiedsrjochters in opsje is, sa kin ik myn ûnderfining op it fjild oerdrage."

Björn Kuipers hâldt op, dat hat gefolgen foar Erwin Zeinstra:

It ophâlden fan Kuipers kaam net hielendal as in ferrassing foar Zeinstra, seit hy. "Ik snap wol dat hy nei it hichtepunt mei de finale de kar makke hat. It is de ein fan it tiidrek Team Kuipers. Wy hawwe in soad suksessen meimakke: op it alderheechste nivo, yn de grutste stadions, de grutste wedstriden."

Noch net de ein

Dochs wol Zeinstra noch net ophâlde. "Foar my is it noch net de ein, sa fielt it noch net. Mar je witte wol dat je de hiele grutte wedstriden net mear dwaan sille. Dêr bin ik wol hiel nochteren yn, it is sa't it is."

Dan einiget it mei de EK finale. Wa hie dat no tocht? It hat gewoan in jongesboek west.

Erwin Zeinstra

Yn 2011 is Zeinstra troch Kuipers frege om yn it team te kommen. "Doe is it sa hurd gien. En dan einiget it mei de EK finale. Wa hie dat no tocht? It hat gewoan in jongesboek west. Wy binne no al tsien jier in team, mar it is sa ferskriklik fluch foarby gien."

Björn Kuipers en Erwin Zeinstra - Foto: Orange Pictures
(Advertinsje)
(Advertinsje)