Ferbouwing nije supermerk Wynjewâld goed op skema

29 jul 2021 - 15:55

It giet goed mei de ferbouwing fan de nije supermerk yn Wynjewâld. Der wurdt hurd wurke om de buertsuper klear te krijen foar de iepening yn septimber.

De ferbouwing leit op skema:

Trije jier ferline baarnde de supermerk yn it doarp ôf. Yn juny is der, nei in lange syktocht, in nije eigener fûn. De famylje Basta út Kollum stekt de hannen út de mouwen om yn it doarp wer in supermerk te krijen.

De ferbouwing is yn folle gong, en eigener Joël Basta is bliid dat alles goed rint. "Ze gaan nu bezig met het aanleggen van de stroom en waterleidingen. Het is wel heel fijn dat alles zo voorspoedig loopt."

Houtprobleem

Basta rûn wol tsjin in oantal dingen oan, ûnder oare problemen mei it hout. "Het hout is heet lastig leverbaar, dus dat was wel even een ding. Gelukkig heeft het probleem zichzelf opgelost, via via", seit Basta.

Benammen de stipe fan it doarp is foar de nije eigeners hiel wichtich. "Je merkt dat het echt leeft in het dorp. Mensen die even spontaan komen kijken of een praatje komen maken."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It is foar in soad doarpsbewenners goed dat it doarp wer in supermerk krijt, want de supermerk it tichtst by is sa'n 5 km. "Mensen voelen zich echt betrokken bij deze verbouwing en dat is fijn", seit Basta.

As alles meisit kinne de ynwenners fan Wynjewâld fan healwei septimber ôf de boadskippen wer yn it eigen doarp dwaan.

Trefwurden: 
Wynjewâld supermerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)