RIVM: 99 nije besmettingen yn Fryslân

29 jul 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 99 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 12 minder as woansdei. Doe gie it om 111 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen in lytse 120 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 128, in wike lyn op 210.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 24. Dêrnei folgje de gemeenten Ljouwert (15), Waadhoeke (11) en Hearrenfean (10).

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus.

Ien sikehûsopname

Der is yn de ôfrûne 24 oeren ien Fries opnaam yn it sikehûs, it giet om in ynwenner fan Waadhoeke.

Lanlike sifers

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 4.506. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen goed 4.585 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)