Haadfertochte wapenbinde út Easterwâlde moat 11 jier de sel yn

29 jul 2021 - 15:25

De haadfertochte fan de binde yn Easterwâlde dy't yn wapens en drugs hannele, is feroardiele ta in selstraf fan alve jier. Dat is ien jier mear as de eask fan Justysje.

De bindeleden fan Easterwâlde krigen harren straffen te hearren:

De fertochte wurdt troch de rjochtbank sjoen as de lieder fan in kriminele organisaasje. Mei it ferkeapjen fan wapens hat er foar in protte ellinde soarge, sei de rjochter.

Hegere straf as de eask

Dat de rjochtbank in hegere straf oplein hat as de tsien jier selstraf yn de eask, hat te krijen mei ferskate saken. De haadfertochte hat op krúsjale mominten swijt, toande him net ferantwurdlik en joech oaren de skuld, it gie om in grutte hoemannichte wapens en de man wie al in bekende fan justysje. De man hie al in strafblêd fan 24 siden.

Steurnissen, mar tûk genôch

Hy hat meardere steurnissen, en neffens de rjochter is it risiko op geweld yn de takomst grut. Nettsjinsteande de steurnissen, krijt de haadfertochte gjin TBS. "Voor TBS is nodig dat iemand dusdanig ontoerekeningsvatbaar is, dat je niet kunt straffen. Dat is hier niet het geval. Bovendien wilde de man niet meewerken aan een onderzoek," seit parserjochter Jeff Biesma.

Neffens de rjochtbank wie de fertochte wol tûk genôch om oaren op 'en paad te stjoeren en op dy wize sels út byld te bliuwen. De man wie sa'n 21 moannen lang liedingjaande fan in 'krimineel gearwurkingsferbân.'

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust en parserjochter Jeff Biesma

Neffens parserjochter Biesma is it in saak mei in soad gefolgen. "Handel in wapens betekent ook dat wapens gebruikt kunnen worden, daar kunnen nare gevolgen aan kleven."

Twadde fertochte njoggen jier

De twadde fertochte, in Sloveen dy't de rjochterhân fan de haadfertochte wie, moat njoggen jier de sel yn. Hy kriget krekt wat minder straf om't er net de lieder wie en ek net finansjeel profitearre hat.

Foar de oare fertochten jildt oant no ta dat sy legere straffen krije. Sa binne der al straffen fan 3,5 en 4,5 jier sel oplein. In Ljouwerter dy't as wapensaakkundige by de binde oansletten wie, hat 34 moannen selstraf krigen, wêrfan't 24 ûnder betingst. Ek krijt hy 240 oeren wurkstraf. In oare Ljouwerter is frijsprutsen, om't syn lidmaatskip net bewiisd wurde koe.

De fertochten yn de Ultegra-saak kamen foar de rjochter:

De bindeleden binne yn febrewaris 2020 oppakt by in grutte aksje op santjin ferskate lokaasjes. Under oare yn Easterwâlde, Drachten en Ljouwert die de plysje ynfallen, mar ek bûten de provinsje. By de ynfallen fûn de plysje swiere wapens en drugs.

De binde waard fertocht fan alderhande feiten, lykas wapenhannel, fraude, oplichting en fertsjustering. De haadfertochte wurdt ek minskehannel ferwiten, omdat er minsken om him hinne útrûpele.

De kringloopwinkel fan Easterwâlde wie de útfalsbasis fan de binde - Foto: De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)