26 hierwenten by âlde spoarremize Stiens klear: sa'n 240 reaksjes de wente

Yn Stiens binne 26 hierwenten boud op in earder spoarwei-emplasemint fan de NS, fan de line tusken Ljouwert en Eanjum. Yn 'e midden stiet noch in monumintale remizeloads. De huzen deromhinne binne sa boud dat sy op in lokomotyf mei wagonnen lykje.
© WoonFriesland
De bou hat goed seis miljoen euro koste. Der wie in soad fraach nei de huzen: WoonFriesland krige yn trochsneed leafst sa'n 240 reaksjes de wente binnen.