Dútsers bliuwe fuort: brune float wer yn de problemen

It farseizoen like op gong te kommen nei de ferromming fan de coronamaatregels, mar in soad skippen fan de brune float lizze wer stil. No't Nederlân read kleuret op de Europeeske coronakaart sizze bûtenlânske toeristen ôf.
It giet noch net sa't it moat mei de brune float:
De gasten fan de klassike sylskippen komme foar 85 prosint út Dútslân. "En dy bliuwe no fuort", seit skipper Eelke Dijkstra. "Dat komt trochdat wy read kleurje."
It is net foar it earst dat de brune float yn de problemen rekket sûnt de útbraak fan de coronakrisis. De skippen ha lang stillein en rûnen dêrom in soad ynkomsten mis. Subsydzje fan de Ryksoerheid bleau lykwols lange tiid út. Guon skippers ferkochten it hûs sels, en wennen op de boat. Oaren sochten der wurk by.

Hiel even blydskip

Pas yn maaie dit jier kaam der dúdlikheid oer subsydzje. Op 5 juny wie der mear goed nijs, want doe mochten de skippen wer begjinne te farren. Dijkstra: "Doe wie it prima. Mar it klapt no wer hielendal yn."
De blydskip is yntusken fuort. In protte skippen lizze oan de kade.
It komt foar dat der jûns noch ôfbelle wurdt troch groepen foar de folgende dei.
Skipper Eelke Dijkstra
Want ek al meie se farre, der jilde noch wol guon maatregels. Op in skip dêr't gewoanwei romte is foar tritich minsken, kinne no mar tsien oant twintich gasten mei. Dêrom sizze gruttere groepen ôf. En foar lytse selskippen is it te djoer om mei sa'n grut skip op fakânsje te gean.
"It komt foar dat der jûns noch ôfbelle wurdt troch groepen foar de folgende dei", seit Dijkstra.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
En de situaasje mei de Nederlânske besmettingssifers helpt dus net mei. Op de coronakaart fan it ECDC kleuret Nederlân read. Dútsers melde har dêrom no manmachtich ôf. Dútslân beskôget Nederlân as heechrisikogebiet. Dat betsjut dat net-faksinearre minsken dy't werom komme fan in ferbliuw yn Nederlân earst tsien dagen yn karantêne moatte yn Dútslân.