Olympysk earemetaal yn Frjentsjer: "By de brân ferlear se hast alles"

29 jul 2021 - 11:53

Sven Kramer, Monique Knol, Epke Zonderland. In binne mar in pear fan de hast 30 Fryske sporters dy't op de Olympyske Spelen in medalje wûn ha. In part fan dy medaljes binne no te besjen yn it Keatsmuseum yn Frentsjer.

Der is olympysk earemetaal yn Frjentsjer te sjen:

It liket miskien wat frjemd: in tentoanstelling oer de Olympyske Spelen yn it Keatsmuseum. Mar wat in protte minsken net witte is dat it keatsen yn it ferline in grutte rol spile hat op de Olympyske Spelen.

By de Spelen fan 1928 yn Amsterdam waard troch trije Friezen en trije Friezen om utens in demonstraasje spile fan it keatsen. In bysûnder affysje fan dy tiid is bewarre bleaun. Dat wie de oanlieding foar it Keatsmuseum om de Fryske olympiërs yn kaart te bringen, fertelt Theo Kuipers fan it museum.

"Is is sa bysûnder dat wy it affysje hjir as iennige ha. Wy tochten: 'hjir moatte we wat mei'."

Sa sjocht it derút:

Yn it museum lizze no medaljes fan ferskate Fryske sporters. Under oare de gouden medalje fan Epke Zonderland op de Olympyske Spelen yn Londen yn 2012. Mar ek medaljes mei in bysûnder ferhaal, sa as dy fan hurdfytster Monique Knol. Se wûn goud op de olympyske wedstriid op de dyk yn 1988.

By in brân yn har hûs is hast alles ferlern gien, op har medaljes nei. Kuipers: "Doe't dy brân al flink oan de gong wie hat sy in brânwachtman frege om har olympyske medaljes te rêden. Se is hast alles kwyt rekke, mar har medaljes binne der noch en dy binne hjir te sjen. Dat is dochs wol hiel bysûnder."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
(Advertinsje)
(Advertinsje)