Simmerblog: Simmer yn Terherne

29 jul 2021 - 17:10

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje. Hjoed binne we yn Terherne.

  • De populêrste troulokaasje fan Fryslân stiet yn Terherne, en Johan Terpstra is net de iennige beroemdheid dy't dêr troud is;
  • De buertsuper is soms moannen achter mekoar ticht, en draait foar 95 persint op toerisme;
  • De kroech is rêden troch Amerikanen, dy't foar de F-16 nei Fryslân kamen. Op it lêst hiene hast alle famkes ferkearing mei in Amerikaan.
17:38
Ein fan dit simmerblog

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Terherne. Tank foar it folgjen.

Moarn binne wy yn Aldegea. Oant dan!

17:37
Simmer yn Terherne

Noch de hiele jûn is it programma Simmer yn Fryslân by ús te sjen op telefyzje, alle oeren om kertier oer it hiele oere. En wa't net wachtsje kin, kin de útstjoering hjirûnder ek sjen.

17:24
Ride mei drank op

"Yn it begjin wiene der noch echte boeren", seit de âld-kroechbaas. "En echte skippers. En Dútsers, sûnder earmen en sûnder skonken, dy't op it eastfront sitten hiene." De tiden binne feroare.

Bauke Boersma - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

No is komt it net faak mear foar, dat minsken mei de auto nei de kroech geane. Earder wie it gewoaner.

"Ik ha wolris in akku by ien út de auto helle. Ik tocht: dy moat mar net mear ride. Mar dêr krige ik sa'n rúzje mei, dy kaam noai wer!"

17:11
Alde kroech rêden troch F-16

"Yn 1980 stie it op ynstoarten, en it wie dochs wol in ferneamde herberch." Dat seit âld-kroechbaas Bauke Boersma oer De Zevenwouden. It is ien fan de âldste kroegen fan Fryslân.

De rêding kaam út Amearika, seit Boersma. By de yntroduksje fan de F-16 kamen Amerikaanske soldaten nei Fryslân. "Dat wiene gouden klanten."

Dat wie nedich ek. "Wy sieten trije ton yn de skuld, en de rinte wie 17 persint."

De gasten foelen yn de smaak. "Op it lêst hiene alle famkes hast ferkearing mei in Amearikaan. Dy F-16 hat miskien wol in protte belestingjild koste, mar it wie ús rêding."

Geartsje yn de kroech

16:22
"Moaier as it steatejacht"

In eintsje fierderop leit ien fan de âldste skippen fan de wrâld, dy't no noch sylt. It skip is boud yn 1843, en neffens Geartsje de Vries, dy't al hiel wat boaten sjoen hat, "moaier as it Steatejacht".

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

"Minstens sa moai", seit Bram Maasdam. "Ik wol it Steatejacht net delhelje." Dizze boeier is boud troch de pake fan de man dy't it steatejacht boud hat. It is hast 50 jier âlder.

It skip is fan it Suderseemuseum, mar it leit dus yn Terherne. "In boat moat farre, mar de Iselmar is net geskikt foar in boeier. De Snitser Mar is der perfekt foar."

Der wurdt gauris mei fearn. "Minsken kinne hjir hearlik oan board sitte, en as in kommissaris swaaie nei de minsken."

16:21
In notarisboat 'om te flanearjen

"We sizze de hiele dei al dat it hjir allegearre boatsjeminsken binne. En dus bin ik op syk gien nei bysûndere boaten", seit Geartsje.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Yn in skiphûs sjocht se direkt in notarisboat. "Dy is boud foar notaris Ottema." It is in frij lyts boatsje, fan hout, seit Tolke de Boer.

"Eins is it bedoeld om op sneintemiddei mei in kopke tee te flanearjen oer de Snitser Mar. Je kinne der yn sjoen wurde, dat is de bedoeling."

Geartsje stiet tusken de boaten

15:56
Net stoke yn de tsjerke

Krekt as de buertsuper, dêr't Johanna moarns betiid al wie, is de winkel yn de tsjerke winterdeis ticht. Dan binne der gjin toeristen, en dy soargje foar de measte omset.

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Oare aktiviteiten soene der wol yn kinne, mar dat is djoer. "Dan moeten we stoken. En om de hele kerk warm te krijgen, moeten we een dag eerder beginnen met stoken. Dat kost zomaar 150 euro per dag."

15:29
Alles is te keap

Kameleonboeken. Wynglêzen. Blommen. Kleden. Mariabeelden. En in fleantúch. Alles is te keap yn in lyts tsjerkje. En der sit ien man achter de toanbank. Gerlof van der Heide. "Wij noemen het een woonwinkel."

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Van der Heide kin der net fan bestean. "De kerk is van een stichting, en wij hebben ook een stichting. Dit is één van de activiteiten die we doen met de kerk, om wat geld op te halen, maar ook om wat leuks te doen in het dorp."

Geartsje yn in tsjerke dêr't alles te keap is: "Hoe kin dit út?"

15:41
Luie fytsers binne bliid mei de pont

De pont is in útkomst, sizze de fytsers dy't Geartsje oan board tsjinkomt. It binne toeristen. "Wij logeren in een huisje bij Sneek"

Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Wêrom't se net fytse? "Omdat we een beetje lui zijn, met deze wind. Ik denk dat we nu acht kilometer afsnijden. Met wind tegen! En het is altijd leuk om het water op te gaan."

15:33
Rykswettersteat moast tastimming jaan

Rykswettersteat moast tastimming jaan foar de pont, omdat dy ien fan de drokste farwetters fan Fryslân krúst; it Prinses Margrietkanaal. Dat wie net samar klear, seit Bruyel.

Foto: Omrop Fryslân

"Wij hadden al heel lang de behoefte om een verbinding te hebben met de overkant: Tersoal. Het eerste probleem was dat we toestemming moesten krijgen van Rijkswaterstaat", seit Bruyel.

"Ze hadden er eerst niet veel zin in, maar nadat ze de zaak goed beoordeeld hadden, kregen we toestemming om de pont te realiseren. Dat lukte wonderwel in zeer korte tijd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)