Skea Burgumer swimbad ferholpen: freed wer iepen

29 jul 2021 - 10:07

It swimbad De Wetterstins yn Burgum giet freed wer iepen. Troch de hurde reinbuien fan ôfrûne wykein wie de technyske romte fan it swimbad ûnder wetter rûn. Dat soarge foar skea.

Swimbad De Wetterstins yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De pompen dy't it wetter rûnpompe, wiene stikken en moasten reparearre wurde. De pompen binne it wichtichst foar it swimbad, want it wetter moat goed sirkulearje, seit Ben Douwes. Hy is sport- en rekreaasje-opsichter yn Tytsjerksteradiel.

"Foar safier't ik it begrepen haw, is der safolle reinwetter fallen dat sels de strjitten it net iens ferwurkje koene", sei Douwes earder. "Us masinekeamer is in kelder. It wetter siket dochs it leechste punt op."

Unwisse takomst

Douwes hat syn twivels oer de takomst fan it swimbad. As der hieltyd safolle reinwetter falt, is it net wis oft De Wetterstins him yn de takomst fersette kin tsjin al it reinwetter.

Foarearst binne de problemen yn alle gefallen ferholpen. Freed fan 9.00 oere ôf kinne minsken wer teplak.

Trefwurden: 
Burgum swimbad De Wetterstins
(Advertinsje)
(Advertinsje)