Wat smyt in wrâlderfgoedstatus op?

29 jul 2021 - 09:10

Wat smyt in wrâlderfgoedstatus op? Dy fraach komt op no't de Koloniën van Weldadigheid earder dizze wike dy status krigen. It antwurd op de fraach witte se by it Woudagemaal op 'e Lemmer. Dêr krigen se de status al yn 1998.

De Koloniën van Weldadigheid binne dizze wike útroppen ta Wrâlderfgoed - Foto: Koloniën van Weldadigheid

We freegje it oan Sonja Hylkema fan it Woudagemaal. Hoefolle besikers smyt sa'n status no op?

"It smyt net direkt ekstra besikers op. Dêr is de status ek net foar bedoeld. It lit sjen dat we unyk binne yn de wrâld. Je lûke in bepaald soart toerist oan: de kultuertoerist benammen."

It lit dus sjen dat in besite de muoite wurdich is?

"Sa is it. As je sels nei it bûtenlân op fakânsje geane, geane je faak ek nei de moaiste plakken. Dat jout in Unesco Wrâlderfgoed fansels wol oan: dat it in unyk, moai plak is."

Dat is foar de toerist. Hoe liket it mei minsken dy't yn de buert wenje?

"Dan liket it soms wat minder bysûnder. Dus by dizze ek in oprop oan elkenien dy't yn de buert wennet: sykje ris in wrâlderfgoed yn de buert op."

Ir. D.F. Woudagemaal - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Jildt sa'n status eins foar altyd?

"As je dy status ienkear ha, dan hâlde je dat. Je moatte it wol ûnderhâlde: it is de bedoeling dat je it beskermje en behâlde foar de folgjende generaasjes. Allinnich ast it hiel bont makkest, kinst fan de list ôfhelle wurde. Dat is mar in pear kear bard."

Wat binne de easken?

"Ien fan de easken is dat je unyk binne en dat alles noch autentyk is, lykas eartiids. As je dêr net mear oan foldogge, dan ha je in probleem. Dan krijst in warskôging."

En hoe is it mei de drokte by jim? Min waar is foar jim faak ekstra drokte, of net?

"Dat kloppet. Dus as minsken no delkomme wolle, moatte se even online reservearje. We hâlde de maatregels noch yn stân: we wurkje noch mei tiidslotten. As dy fol sitte, is it fol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)