Falske start Bouwmeester funest: "Superdom"

29 jul 2021 - 10:09

It binne noch net de Spelen fan sylster Marit Bouwmeester. De Wartense regearjend kampioene waard diskwalifisearre foar race 7 yn de Laser Radial-klasse. Se gong te betiid fan start. Yn de achtste race waard Bouwmeester sânde.

Marit Bouwmeester - Foto: ANP

Bouwmeester begûn al min oan de Olympyske Spelen yn Tokio. Op it wetter fan Enoshima waard se yn de earste twa races 21e en 14e. De dagen dêrnei gong it wol wat better, wêrtroch't se klom nei it tredde plak yn it klassemint.

Har minste resultaat mei se skrasse. Dat soe it 21e plak fan race 1 wêze, mar no't se diskwalifisearre is foar race 7, telt it resultaat fan race 1 dochs mei. Dêrom sakket Bouwmeester fuort yn it klassemint.

'Superdom'

"Ik wie gewoan te 'gretich'", sei Bouwmeester nei ôfrin tsjin de NOS. "Ik woe der alles oan dwaan wat nedich wie foar in goed resultaat, mar dit wie te folle. It is superdom, echt de meast pynlike flater dy't ik meitsje koe."

Foarsprong Rindom is grut

Bouwmeester stiet no sânde. It ferskil mei de poadiumplakken is noch te oersjen, mar de foarsprong fan klassemintslieder Anne-Marie Rindom is wol grut. "Ik haw wol gekkere dingen sjoen. Ik moat alles dwaan wat ik yn my haw", seit de sylster deroer.

Freed binne race 9 en 10. De medal race, wêryn't de punten dûbeld telle, is snein.

Klassemint nei 8 fan de 11 racen (lêste race telt dûbel)

NAMME UTSLACH TOTAAL
1. Anne-Marie Rindom (Denemarken) 6, 5, 3, 13, 4, 4, 2, 1 25
2. Tuula Tenkanen (Finlân) 9, 6, 14, 33, 5, 3, 6, 3 46
3. Josefin Olsson (Sweden) 34, 15, 8, 4, 1, 6, 4, 9 47
4. Emma Plasschaert (België) 10, 17, 11, 8, 6, 5, 5, 4 49
5. Line Flem Høst (Noarwegen) 20, 3, 1, 3, 10, 25, 12, 6 55
7. Marit Bouwmeester 21, 14, 7, 2, 3, 9, DSQ, 7 63
(Advertinsje)
(Advertinsje)