OERSJOCH: Bindelieder Easterwâlde twong respekt ôf troch geweld te brûken

29 jul 2021 - 11:28

De rjochter docht hjoed útspraak yn de saak fan de kringloop-binde yn Easterwâlde. De hiele saak draait om in binde dy't dwaande wie mei ynternasjonale wapen- en drugshannel. De bindeleden hellen de wapens út East-Europa wei en ferhannelen se yn België en Nederlân. It haadkantoar wie in kringloopwinkel yn Easterwâlde.

Plysje by de ynfal yn in kringloopsaak yn Easterwâlde, ein febrewaris 2020 - Foto: De Vries Media

De groep fan fjirtjin wurdt fertocht fan alderhande feiten, lykas wapenhannel, fraude, oplichting en fertsjustering. De haadfertochte wurdt ek minskehannel ferwiten, omdat er minsken om him hinne útrûpele.

De fertochten binne yn febrewaris 2020 oppakt by in grutte aksje op santjin ferskate lokaasjes. Under oare yn Easterwâlde, Drachten en Ljouwert die de plysje ynfallen, mar ek bûten de provinsje. In Grinslanner fertochte waard by in oanhâlding yn Drachten yn de skonk sketten.

Plakken dêr't ynfallen dien binne - Foto: Omrop Fryslân

By de ynfallen fûn de plysje swiere wapens en drugs. Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hie net ferwachte dat it sa grutskalich wie.

"Je skrikke wol even", sei boargemaster Oosterman nei de plysje-aksjes yn syn gemeente:

De haadfertochte is in man fan 35 jier út Easterwâlde. De bindelieder twong respekt ôf troch geweld te brûken. De man wurke earste út syn eigen hûs wei, mar fan 2019 ôf yn de kringloopwinkel.

Koadetaal

De binde brûkte geheimtaal foar wapens: in hângranaat wie bygelyks in 'appel'. By de groep siet ek in âld-meiwurker fan Definsje. Yn it leger hie hy ûnderfining opdien mei it meitsjen en oanpassen fan wapens en eksplosiven. De haadfertochte soe tsjin klanten sein hawwe dat syn minsken alles sels meitsje koene.

De fertochten hiene in rêstich plakje yn 'e greide by Zuidwolde dêr't se de wapens teste koene. Neffens justysje posearren de bindeleden ek mei de wapens en brûkten se se om minsken benaud te meitsjen.

It ûndersyk fan de plysje begûn al yn 2018. Om de binde te ûntmaskerjen, die de plysje twa saneamde 'pseudo'-oankeapen.

Tafallige tas fan de Poiesz

In wichtige rol spile in boadskiptas. De resjerzje hat yn gearwurking mei de Belgyske plysje in ynfal dien yn in flat yn Antwerpen. Dêr binne njonken wapens ek fiif hângranaten fûn yn in karakteristike boadskiptas: in jubileumtas dy't útjûn is mei it 95-jierrich bestean fan supermerk Poiesz. En fan de haadfertochte fan Easterwâlde sit in foto yn it dossier mei krekt sa'n tas. Dat is wol hiel tafallich, stelt de rjochtbank.

De haadfertochte ûntkende yn de rjochtbank lykwols dat er in rol spile yn de saak: "Ik had niets te maken met wapens. Het enige wat ik gedaan heb, is bemiddelen", sei er.

Tsien jier easke tsjin haadfertochte en twadde man

It Iepenbier Ministearje easke swiere straffen tsjin de fjirtjin fertochten. De heechste eask wie foar de 35-jierrige haadfertochte fan Easterwâlde: tsien jier sel. Ek tsjin in man út Slovenië is tsien jier selstraf easke. Dy man wurdt sjoen as de twadde man fan de wapenbinde.

Advokaat Sonny Jansen fynt lykwols dat syn kliïnt, de haadfertochte, ûnterjochte ferfolge is. Neffens de advokaat doocht it ûndersyk net en is it net rjochtmjittich. Jansen seit dat it ûndersyk op falske tsjûgenis úteinset is. De advokaat joech ek oan yn de rjochtseal dat de ôftape petearen ûnfolslein yn it dossier kaam binne. Sa bepaalt de plysje sels wat de wierheid is, stelt Jansen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)