Man krûpt ûnder slachbomen troch en mishannelet brêgewipper Ljouwert

In brêgewipper yn Ljouwert is meardere kearen slein troch in man dy't ûnder de slachbomen trochkrûpt wie. Dat meldt de plysje.
De brêge dêr't it om giet © Omrop Fryslan, Dieuwke Kroese
De plysje seit dat der sprake is fan in mishanneling. De fertochte is oanholden. It is in 30-jierrige Ljouwerter.
Neidat de man ûnder de bomen trochkrûpt wie, begûn er op de brêgewipper om te skellen, en doe't dy him weromtreaun hie, joech er him in fûstslach yn it gesicht. De brêgewipper krige dêrnei noch in klap.
De plysje is no op syk nei minsken dy't wat sjoen ha, bygelyks omdat se stiene te wachtsjen omdat de brêge iepen wie.
De fertochte sit fêst.