Coronababys of net: Firus soarget foar ekstra drokte by ferloskundigen

Ferloskundigen hawwe it somtiden smoardrok mei befallingen en de ferwachting is dat it noch slimmer wurde sil. Lanlik wurdt der praat fan in babyboom feroarsake troch corona. Yn Fryslân fâlt dat noch ta, mar de drokte yn de bertesoarch nimt wol ta.
Drokte yn kreamsoarch
Ferloskundeburo's hawwe it drokker. Al giet it mei piken en dalen en simmerdeis wurde altyd wol mear bern berne. Corona hat der yn elts gefal ta laat dat der minder personiel beskikber is yn de bertesoarch.
"De werkdruk is door corona toegenomen", fernimt ferloskundige Carla Loman fan de Louwerter praktyk Dochter en Zoon.

Net thús befalle

"Kraamverzorgsters zijn langdurig uit de running geweest en ziekenhuizen als MCL zijn ook zwaar belast. Daarnaast hebben opleidingen beperkingen gehad om studenten verloskunde stageplaatsen aan te bieden. Dat heeft een behoorlijke achterstand opgeleverd."
De personielskrapte kin ta gefolch ha dat der minder kreamsoarch is. Dat kin der ta liede dat froulju net thús befalle kinne of nei in sikehûs fierder út de buert moatte.

Coronababyboom

Fan in coronababyboom hjir wol Loman noch net prate. Se sjocht dat froulju wachtsje mei yn ferwachting reitsjen oant se faksineard binne. Dat soe in babyboom nei corona feroarsaakje kinne, tinkt Loman.