Heechswangere sus Clevering: "Skonken bymekoar hâlde"

28 jul 2021 - 18:26

Midden yn de nacht siet Tineke Clevering yn Warten foar de telefyzje, om te sjen nei de sulveren race fan har suster Ymkje. Dat it in sulveren race wurde soe, koe se doe noch net witte.

Tineke Clevering en har man sjogge nei de Olympische Spelen - Foto: Omrop Fryslân

28 july 2021 giet de boeken yn as de dei dat der foar it earst sûnt 57 jier in Olympyske plak troch in Fryske roeier behelle is. It is ek de dei dat har suster Tineke útrekkene is.

"Se sei al: skonken byelkoar hâlde, en efkes wachtsje oant ik der wer bin."

Wis fan in medalje

Tineke en har man Michel seagen de wedstryd live, midden yn 'e nacht. Fansels net te fergelykjen mei de sfeer en de beleving yn Tokio, mar trochdat der in soad kontakt wie mei freonen en famylje, wie der dochs in bytsje in 'tribunegefoel'.

"En toen zagen we haar gezicht..."

Dat der in medalje binnensleept wurde soe, dêr wie Tineke wol wis fan. Tegearre mei har team wie Ymkje al in moai skoft op dreef. Op it WK bygelyks.

Australië gie der nei in einsprint mei it goud fantroch. De froulju Clevering seagen dat lân al as in lestige tsjinstanner. "We wisten gewoan dat, as we twadde wurde soene, Australië earste wurde soe."

Âld winner is kritysk

De foarganger fan Clevering is roeier Herman Rauwé fan Grou. Yn 1964 wûn hy in brûnzen plak op de twa mei stjoerman. It fielt foar him net asof't der no in opfolger is. "Je komme út foar in lân, en net foar in provinsje."

Âld medaljewinner Herman Rouwé - Foto: Omrop Fryslân

Rauwé sjocht kritysk nei de bylden fan fannacht. Mei in bettere technyk hie der foar de froulje miskien wol goud yn sitten, tinkt er. Neffens Tineke is dat ûnsin. "Doe't ik har gesicht seach, wie se echt bliid, dus dan kinne wy dat ek wêze."

"We soene har yn in koffer dwaan"

Trochdat der in protte coronagefallen by de roeiploeg wiene, wie der altyd in risko op in besmetting. Dan folget isolaasje yn it 'coronahotel'. Dêr hiene de susters ek al in plan foar makke.

"We hiene al in soart ûntsnappingsplan makke, foar as se dat hotel yn moast. Dan soene we der hinne om har op te heljen. We soene har yn in koffer dwaan!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)