Risikonivo Fryslân sakket nei 'ernstig'

It risikonivo yn Fryslân is sakke fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig'. Dat blykt út it 'coronadashboard' fan de ryksoerheid. 'Ernstig' is it ien-nei-heechste risikonivo.
© ANP
De ôfskaling nei 'ernstig' komt ien wike neidat it risikonivo omheech gien wie. It nivo wurdt automatysk bepaald op basis fan de besmettingssifers.
Om it risikonivo yn in bepaald gebiet te bepalen, wurdt sjoen nei it oantal positive tests, en nei it tal sikehûsopnames. It slimste sifer bepaalt it risikonivo.
'Zeer ernstig' is it heechste risikonivo (4). De oare nivo's binne 'ernstig' (3), 'zorgelijk' (2) en 'waakzaam' (1).
1. Waakzaam De situaasje is ûnder kontrôle te hâlden. It oantal nije besmettingen is leech en/of de druk op de soarch falt ta.
2. Zorgelijk De situaasje is lestich ûnder kontrôle te hâlden. Der binne in protte nije besmettingen, en/of de druk op de soarch is grut.
3. Ernstig De situaasje is min. Der binne in protte nije besmettingen en/of de druk op de soarch is hiel grut.
4. Zeer ernstig De situaasje is tige min. Der binne ekstreem folle nije besmettingen en/of de druk op de soarch is ekstreem grut.
As der yn ien wike mear as 250 positive testútslaggen binne op 100.000 ynwenners, giet in regio fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig'.
Foar de maatregels fan it kabinet hat in oanpassing fan it risikonivo op dit stuit gjin gefolgen. Goed twa wiken lyn binne de regels foar it hiele lân oanskerpe, yn alle gefallen oant 13 augustus.