RIVM meldt 111 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 111 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der ûngefear likefolle as tiisdei. Doe gie it om 119 coronabesmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne der de ôfrûne wike alle dagen 128 besmettingen meld yn Fryslân.
Troch in technyske steuring binne de sifers mooglik net folslein. Mooglik binne de sifers fan it RIVM woansdei dêrom leger as de werklike sifers.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (22). Dêrnei folgje de gemeenten Súdwest-Fryslân (20) en Hearrenfean (10).
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, Dat giet om in ynwenner fan Harns.
Der binne yn de ôfrûne 24 oeren trije Friezen opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân, de Fryske Marren en Waadhoeke.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3.513. Tiisdei waarden der 4.042 besmettingen teld.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.