OmropTIP: Koperkanaal yn it teken fan komponist Jan de Haan

29 jul 2021 - 06:14

De Fryske komponist Jan de Haan wurdt tongersdei 70 jier. De Haan hat sûnt 1972 hast 200 stikken komponearre foar harmony, fanfare en brassband en hat tsientallen cd's útbrocht.

Jan de Haan - Foto: Omrop Fryslân

De Haan is fan grutte wearde yn de HaFaBra-wrâld. Ta eare fan syn jierdei stiet it Koperkanaal, it online HaFaBra-kanaal fan Omrop Fryslân, de hiele dei yn it teken fan dizze komponist.

It Koperkanaal is te beharkjen fia omropfryslan.nl/koperkanaal en de omropapp.

Neist komponist wie De Haan ek dirigint fan ferskate blaasorkesten, wêrûnder Soli Brass, en hat er ek yn it bûtenlân wurke as gastdirigint. Yn 1983 rjochte De Haan muzykútjouwerij De Haske op. Dy groeide út ta ien fan de grutste muzykútjouwers fan Nederlân. De útjouwerij waard yn 2008 oernaam troch in Amerikaanske partij.

Yn de jierren '80 wurke De Haan ûnder oare as komponist en arranzjeur foar de Nederlânske radio en telefyzje.

De Haan komponearret noch hieltyd. Hy hat ferskate ûnderskiedingen krige foar syn wurk, wêrûnder de Buma Brass Award en de heechste ûnderskieding fan de Nederlandse Federatie van Christelijke Muziekbonden.

Op it Koperkanaal fan Omrop Fryslân binne tongersdei 24 oeren lang stikken te hearren dy't troch De Haan komponearre of dirigearre binne.

Yn petear mei komponist Jan de Haan

(Advertinsje)
(Advertinsje)