De toan fan Froukje Sijtsma: "Hynstekrêft"

28 jul 2021 - 11:30

"Mei 165 PK yn de bouten ride ik foarige wike moandei rjochting Winaam. De hiele wike soe ik as live-radioferslachjouwer troch de provinsje cruise foar Simmer yn Fryslân."

"Op sokke dagen fyn ik it altyd noflik om mei myn eigen auto te riden. Dêr wit ik alle knopkes, ljochten en kabeltsjes te finen en boppedat fiel ik my altyd lekkerder yn myn ouwe, trouwe Volvo Turbo 2.0.

Ik wie moai op tiid fan hûs fuortgien, de radio galme troch de speakers, doe't ik by de ôfslach Harnzer Havens wol sa'n nuver lûd hearde. It like krekt of makke in F35 in needlanning op myn dak. Ik sette myn auto yn 'e berm en seach fuort al dat myn linkerfoartsjil in lekke bân hie.

Nei in goed oere wachtsjen sette Yde, in fleurige monteur fan de ANWB, myn reservetsjil derop, mar hy liet my belove dat ik echt net hurder as 80 km yn de oere ride mocht. It gaspedaal mocht net oan de maks.

Der stienen dy wike sa'n 40 interviews op it program. Yn Winaam, Akkrum, Riis, Suwald en Wierum hâlde ik interviews mei tsientallen minsken. It is altyd bysûnder: je moetsje útienrinnende minsken mei útienrinnende ferhalen, je binne foar koarte tiid op in bepaald wize bot mei-inoar ferbûn en dan litte je inoar ek wer los.

It interview dat de measte yndruk op my persoanlik makke wie dat mei hynderterapeut Elien Spijkstra fan Suwald. Yn in greide mei trije hynders en in ezel, stelde se my, live op de radio, bleat oan de bisten. Hynders spegelje it gedrach fan minsken, en sa kinne je dus sjen wêr't je oan wurkje kinne soenen om in evenwichtiger minsk te wurden.

Dizze terapysessy duorre mar in pear minuten, dat ik wie benijd wat de bisten my fertelle soenen. Elien frege my om earst goed yn te azemjen en ferfolgens alles ek wer goed út te azemjen. Hynst Yentl, dy't by my yn de buert stie, draaide fuort de holle nei my ta. "Hij maakt nu verbinding met je bekken en gaat nu een stukje lopen."

Wylst ik Yentl mei myn linkerhân aai en Elien mei myn rjochterhân interview, beskriuwt Elien dat de hynst syn rêch wat oanspant en dat er syn sturt omheech lûkt. "Dat zegt mij dat jij nu ook wat spanning in je lijf ervaart. Door het paard te aaien maak je ontspannende hormonen aan en daarmee stel jij jezelf gerust." Op dat momint bin ik mysels net bewust fan spanning, mar fansels bin ik wol mei fan tal fan saken dwaande.

Ik harkje sekuer nei Elien, wylst ik skerp bliuw op ferfolchfragen. Ik observearje wat der yn de greide bart, en bin alert op oanwizings út de studio oer hoefolle tiid ik noch haw foar it interview. Yentl set de billen nei my ta. "Dat zorgt nu even voor extra aandacht, want het paard kan jou nu ook schoppen. Je moet je aandacht nu dus goed verdelen."

Elien fertelt my dat it hiel posityf is dat ik der enerzjy fan krij dat ik myn oandacht tagelikertiid op ferskate saken rjochtsje kin, mar se warskôget my ek dat ik der net yn trochsjitte moat. "Want het kan ook je valkuil worden." En mei de kont fan in hynder foar dyn noas, dy't elk momint in wâld nei achteren jaan kin, soe dat wolris in probleem wurde kinne.

De hynders graze relakst yn de greide. Op it momint dat ik Elien har analyze mei in knypeach yn twifel lûk en om in second opinion freegje, komt der ynienen op 50 meter ôfstân merry Wiedewind op ús oanstoarmjen, mar op it lêste momint draaft se fan ús wei en drukt ek de kont nei ús ta. Elien en ik laitsje der hurd om, en dan begjint ek noch de ezel yn it lân hiel hurd te balken.

In yntinsive wike as ferslachjouwer foar Simmer yn Fryslân, mei in lekke autobân en hynderterapy wêrby't de hynders de billen nei my takeare, makket dúdlik: it is tiid foar lekker lang fakânsje: it gas loslitte en it oantal PK's in flink ein nei ûnderen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)