Rjochter: WTC moat grûn nij stadion ôfjaan

28 jul 2021 - 15:37

It WTC yn Ljouwert moat de grûn dy't bestimd is foar de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion ôfstean oan de Stadionontwikkeling Cambuur (SOC). Dat hat de rjochter bepaald yn it koart pleit dat troch it WTC oanspand wie.

Sa moat it nije stadion derút sjen - Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Ek al is it noch net wis oft it nije stadion op 'e tiid klear wêze sil, de rjochter seit dat it WTC him dochs oan de ôfspraken hâlde moat. It WTC woe de grûn net oerdrage omdat se tinkt dat de SOC him net oan de ôfspraken hâlde kin. Sa is ien fan de betingsten foar de oerdracht fan de grûn dat it stadion yn septimber 2022 der stean moat.

As de grûn net oerdroegen wurdt, drige de SOC mei in boete fan 10.000 euro de dei. Neffens de rjochter hat de SOC belang by de grûn omdat dy yntusken trochferkocht is oan de nije bouwer fan it stadion, Van Wijnen.

Jan Spoelstra fan WTC Facility is dan wol de grûn kwyt, dochs is er bliid mei de útspraak: "We ha yn elts gefal de twangsom fan tafel." Frank Meijer fan de SOC is ek tefreden: "Het ging ons nooit om die boete. Wij wilden gewoon die grond hebben en het lijkt erop dat dat nu goed komt."

Sa sit it

De nije ûntwikkelder Van Wijnen joech oan dat it noch altyd it doel is dat der yn 2022 fuotballe wurde kin. Van Wijnen wol him earst rjochtsje op it fuotbalpart en seit dwaande te wêzen mei de lêste tariedingen foar it yntsjinjen fan in fergunning. Hoewol't de SOC net mear de ûntwikkelder is, hat it noch altyd rjocht op de grûn.

De SOC easke in boete, salang't it WTC him net oan it kontrakt hâldt. Neffens de rjochter hoecht it WTC no gjin boete te beteljen, mar moatte beide partijen op 'e nij oerienstimming berikke oer de akte fan levering.

(Advertinsje)
(Advertinsje)