Nije plakette op Skiermûntseach mei mear nammen oarlochslachtoffers

De betinkingsstien mei oarlochslachtoffers op de Got Tjark-tsjerke op Skier is ferfongen troch in nije plakette. Der binne njoggen nammen bykaam. Boppedat stean de presize plakken dêr't se omkommen binne der no ek by.
Nije plakette mei mear nammen oarlochslachtoffers Skier
Eilânbewenner Arend Maris hat him yn de skiednis ferdjippe. Hy hat fan 47 oarlochsslachtoffers it libbensferhaal opskreaun. Dy ferhalen stean yn it boek 'Doorgehaald, maar niet uitgewist', dat woansdei ek presintearre is.
Op de âlde plakette fan 1995 stienen 38 nammen. No stean der dus 47 op. Ek hat er alle lokaasjes dêr't se omkommen binne achterhelle.
De âlde betinkingsstien út 1995 © Arend Maris
"Dat hebben we uit moeten zoeken", seit de eilanner kronikeur. "Voor de samenstellers van de eerdere plaquette was het moeilijk om te doen in de korte tijde die ze er voor hadden. Die hebben er gewoon wat abstracte locaties neergezet, waar ik de pest aan had."
De datum 28 july falt op. Dat wie de dei yn 1943 dat in bom op it eilân it libben koste fan sân eilanners. Dat barde by in loftgefjocht tusken Amearikaanske bommewerpers en Dútske jachtfleantugen.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Op een bepaald moment hebben die Amerikaanse piloten besloten om hun vege lijf te redden door bommen overboord te gooien. Die zijn in de Waddenzee terecht gekomen, in de polder en ook een aantal op het dorp. Zo zijn daar zeven mensen bij omgekomen."
It is fanwegen dat barren dat de ûntbleating fan plakette en presintaasje fan it boek op 28 july plakfûn.
Troch it boek en de plakette wurdt it neffens Maris foar de kommende generaasjes dúdliker hoe't oarloch is en hoe't oarloch ûntstean kin. Mochten der yn de takomst noch mear nammen nei boppen komme, dan is der plak foar noch fiif op de betinkingsstien.
Maris: 'Het was vaag, een Duits of een Indisch kamp, en dat heb ik uitgezocht."