Wethâlder Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân hâldt nei tsien jier op

Wethâlder Pytsje de Graaf fan Noardeast-Fryslân leit har funksje del fanwege har sûnens. De Graaf hat tsien jier wethâlder west, earst yn de gemeente Dongeradiel en de lêste jierren yn Noardeast-Fryslân.
De Graaf nimt in petysje yn ûntfangst as wethâlder © Omrop Fryslan
Frou De Graaf sit sûnt april siik thús. Se har hat ôfskie bekend makke yn in brief oan boargemaster Johannes Kramer.
De FNP-politika is wethâlder yn Noardeast-Fryslân sûnt it ûntstean fan de gemeente op 1 jannewaris 2019. Fan 2011 oant 2018 wie se dat yn de gemeente Dongeradiel. Dêrfoar wie Pytsje de Graaf acht jier Steatelid foar de FNP.
"Us ynwenners, it ferieningslibbben, amtners en rie wol ik tige tankje foar de noflike gearwurking. Ik haw myn wurk altyd mei nocht en wille dien," skriuwt De Graaf.
Wethâlder de Graaf hie ûnder oare sport, kultuer, iepenbiere romte en foarsjenningen yn har portefúlje. Se hat ek in tal njonkenfunksjes. Se is lid fan it bestjoer fan de Vereniging fan Fryske Gemeenten, it Iepen Mienskipfûns en ferfierder Jobinder.
Boargemaster Kramer fynt har kar om op te hâlden spitich, mar hy begrypt har beslút wol:
"Frou de Graaf hat in moedich, mar dreech beslút naam. Mei it fertrek fan frou de Graaf ferliest ús gemeente in belutsen en werkenbere bestjoerder dy't ticht by ús ynwenners stie."
Riedslid Fedde Breeuwsma nimt sûnt april it wurk fan De Graaf oer.