Simmerblog: Simmer op De Feanhoop

28 jul 2021 - 17:55

Omrop Fryslân giet op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne wy op De Feanhoop! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:52
Noch in noflike dei en oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer De Feanhoop. Tank foar it folgjen.

Moarn binne wy yn Terherne. Oant dan!

17:25
Iensum ôfslute op it terras

Op it terras mei útsjoch op de sylskoalle en de jachthaven sit ferslachjouwer Geert van Tuinen. It is min waar en der binne hast gjin minsken bûtendoar. Wy slute de dei ôf mei in weromsjoch op de hiele dei, dy't moai begûn op de brêge by de slûs. Mei goed sylwaar giene de bern fan 'e moarn it wetter op foar syllessen en Geert van Tuinen seach by de Skriuwersarke fan Rink van der Velde.

Mar doe ynienen begûn it te reinen. "Dat wie it kantelpunt fan dizze dei", sei Geert van Tuinen. Hy reinde hielendal wiet, mar krige troch in oprop in drûge broek fan doarpsbewenners Henk en Jelmer de Vries. Hy slút dizze dei no iensum ôf op it terras op De Feanhoop.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen sjocht werom op de dei op De Feanhoop

16:47
Boer Cor van Oostrum melkt op syn eigen tiid

Cor van Oostrum is boer en hat in pleats op De Feanhoop, mei útsjoch op de wide Ie. Van Oostrum komt fan Bodegraven, mar fielt him no like bot Fries as Hollanner. Hy hat gjin spyt dat er hjir hinne kaam is: "Gjin momint, ik wie hjir fuort te plak. Ik moast de taal in bytsje leare, mar de jonges prate allegearre Frysk. Dan giet it hurd hear."

Van Oostrum melkt moarns net sa betiid, mar nimt de tiid om efkes wekker te wurden. "As je letter begjinne, jouwe se ek wat mear, dat is it earste foardiel. As twadde bist middeis gau klear, en hast de sliep goed út, kinst rêstich begjinne." Dat er jûns somtiden wat letter klear is, nimt er foar leaf: "Je moatte ek net alle jûnen op 'e bank sitte."

Boer Cor van Oostrum buorket op eigen wize

16:06
Yn in drûge broek by It Polderhûs
Herma en Bonnie fan restaurant it Polderhûs - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Nei in telefoantsje fan in doarpsbewenner hat ús ferslachjouwer wer in drûge broek oan. Boppedat stiet er binnen by It Polderhûs, dus fan 'e rein hat er foarearst gjin lêst mear.

It Polderhûs leit njonken it terrein dêr't it Feanhoopfestival organisearre wurdt, en dat soarge oare jierren foar drokte, mar dat wie bytiden ek dreech. Herma fertelt oer de ûnderfining mei de festivalgongers: "Wy tochten yn it begjin dat we hjir sieten 'wat oerkomt ús?'. Wy holden altyd ús hert fêst, mar de lêste jierren wurdt dat wat minder. Dat komt, tinke wy sels, omdat se op it festivalterrein ek in hiele goede catering hawwe. Sy hoege it terrein net mear ôf."

De skea wer ynhelle

De hoareka hie it yn it begjin fan de coronakrisis mar min, mar neffens Herma en Bonnie hawwe sy dat yntusken wol wer ynhelle: "It kaam benammen troch corona dat doe't minsken wer wat koene, sy yn Nederlân op fakânsje gongen. Wy waarden oerspield mei fakânsjegongers, it koe de minsken net skille wat it koste, it koe net op."

Herma en Bonnie fan It Polderhûs

15:21
It wetter komt mei bakken út 'e loft boppe De Feanhoop

Ferslachjouwer Geert van Tuinen stiet op it pontsje dat minsken fan en nei Iesicht bringt. Ynienen begjint it bot te reinen. Hy is hielendal wietreind, en syn paraplu hat it reinwetter ek net oerlibbe.

Twa froulju dy't oan de kant stiene te wachtsjen op it pontsje, hawwe it ek net troffen: "Wy soene efkes nei Grou. Wy hawwe ek noch op buienradar sjoen, en wy seine 'it falt mei, it kin wol'. Wy hawwe der no spyt fan!"

Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht ferslach fan tige min waar

13:51
In grut, leech gersfjild dêr't oars it Feanhoopfestival is
Jan Feikema, foarsitter Feanhoopfestival - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Jan Feikema, foarsitter fan it Feanhoopfestival, stiet foar in grut, leech fjild. Al santich jier wurdt op De Feanhoop it bekende Feanhoopfestival organisearre, mar de ôfrûne twa kearen koe it net trochgean. "It is wol wat in tryste saak. Wy hiene it feest dit jier hiel graach foar de santichste kear organisearje wollen."

Apart tafriel

Sa'n leech fjild is in apart tafriel, fynt Feikema: "No sjogge we nei in stikje gersfjild mei neat derop. Je steane hjir wol efkes nuver te sjen, foarich wykein wie gewoanwei it hiele feest losbarst. De kontoeren fan de rydplaten hiene noch yn 'e grûn stean moatten."

Foarsitter Jan Feikema oer it Feanhoopfestival

13:01
De Feanhoop krijt der 18 nije fakânsjewenten by
Geert Jan de Jong - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Der wurde op De Feanhoop yn it ramt fan in nij fakânsjepark huzen boud. Projektûntwikkeler Geert Jan de Jong leit út wat de plannen binne: "Der komme yn totaal achttjin wenningen. It is foar rekreaasje, it binne seis- oant achtpersoans wenningen en dy foldogge oan de easken dy't minsken dêr tsjintwurdich foar rekreaasje oan stelle."

Yn it begjin wiene de doarpsbewenner skeptysk oer de plannen. "Dat is ek net ûnlogysk. It is in lyts doarp en it leit oan de râne fan in natoergebiet. En hast fansels ek mei pleatslike sentiminten te krijen." No't de earste wenten der steane, feroaret de saak. "Ik tink dat der yn de rin fan de jierren, fral no't de earste fjouwer wenningen der steane, it ynsicht kaam is dat it ek wol hiel moai wurdt, en dat it mear in tafoeging as in lêst wêze sil foar it doarp."

Geert Jan de Jong oer it projekt

11:56
Bern geane it wetter op foar syllessen
11:28
Romte en rêst by de Skriuwersarke

Yn de Skriuwersarke by De Feanhoop kinne skriuwers en dichters seis wiken yn alle rêst ynspiraasje opdwaan foar harren wurken en ferhalen. It arkje is bedoeld foar skriuwers en dichters dy't harren dwaande hâlde wolle mei Frysktalige wurken. Elk jier meie der in pear Fryske skriuwers fergees útfanhúzje.

De âlde arke fan Rink van der Velde

De arke wie earder fan Rink van der Velde, mar it is net sa dat er al syn boeken yn de arke skreaun hat, seit útjouwer Steven Sterk: "Rink hat hjir in soad ynspiraasje opdien, dus yn dy sin binne de boeken hjir wol ûntstien, mar hy skreau meastal thús."

Sterk hat eartiids fan it boek Pake Sytse in toanielstik makke. Hy wie dêrmei de earste skriuwer dy't it arkje brûkte: "Doe't it noch net offisjeel de Skriuwersarke wie, doe't it noch sykjend wie nei de foarm foar dy arke, doe haw ik hjir in skoft útfanhuze om it toanielstik te skriuwen."

Arjan Hut en Steven Sterk by de Skriuwersarke

10:36
Bern geane it wetter op foar syllessen

Marije Zandstra fersoarget mei har sylskoalle syllessen en sylkampen foar jongelju. "Wy binne in jeugdsylskoalle foar bern fan sân jier ôf oant njoggentjin, tweintich jier, dy't by ús sliepe, ite en sile." De bern sille fan 'e moarn allegearre it wetter op mei harren boatsjes, en it is neffens Zandstra goed waar om te silen. "It is super waar hjoed, wy hiene der noch wol wat sinne by hawwe wollen, mar miskien komt dat noch. It waait hearlik."

Marije Zandstra - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De sylskoalle bestiet al 56 jier. It is in echt famyljebedriuw, fertelt Zandstra: "Us beppe is 56 jier lyn begûn, dêrnei hawwe ús heit en mem it oernommen, en no doch ik it tegearre mei myn broer en syn freondinne." De bern dy't dizze wike by har ferbliuwe komme oeral wei. "Sy komme eins út hiel Nederlân. Somtiden ek wol út it bûtenlân, wy hawwe no ek bern dy't út Dútslân komme, en út Frankryk."

Marije Zandstra oer har sylskoalle op De Feanhoop

9:57
Yn 'e kunde komme mei De Feanhoop
Henk de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Op de Feanhoop is in soad te dwaan. Simmers is der it skûtsjesilen, op de greiden by it doarp wurdt dan gewoanwei it Veenhoopfestival holden en it doarp leit ek noch oan it begjin fan de toeristyske turfrûte. It silen en it festival kinne dit jier net trochgean, mar it is dêrom wis net minder drok yn it doarp. "It is hjir hiel drok, elkenien bliuwt fansels yn Nederlân foar fakânsje. Hierboaten en ek de sylskoalle hawwe it drok. En de camping stiet hielendal fol", fertelt Henk de Vries, hikke en tein op de Feanhoop.

Wa't Feanhoop seit, seit festival

De Vries gong eartiids faak nei it Veenhoopfestival, dêr't er moaie ferhalen oan oerholden hat. Foarich jier koe it festival net trochgean, en ek dit jier wie al betiid bekend dat it festival opskood wurde moast nei folgjend jier. "Earder lei ik dêr wekker fan as it net trochgongen wie, mar no't ik wat âlder bin haw ik dêr wat minder mei. Myn soan en dochter hiene dêr wol graach hinne wollen, en dy fine dat wol spitich. Dat snap ik wol, ek foar de organisaasje."

It festival is sterk ferbûn mei de namme fan it doarp, leit De Vries út: "Ast earne yn Fryslân seist datst fan de Feanhoop komst, wurdt yn ien azem it feest beneamd. Feanhoop wurdt altyd assosjearre mei it feest." Neffens him typearret de sfear op it festival de Fryske kultuer: "De rinne soms rizige typen mei tattoos hinne, datst tinkst 'dit kin der noch wol ris omwei gean', mar der bart eins nea wat. Elkenien tinkt om inoar en wy binne der foar inoar."

Henk de Vries oer de eveneminten op de Feanhoop

9:00
Wolkom op De Feanhoop

Goeiemoarn! It is de tredde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne we op De Feanhoop. Wat is der te dwaan? Dat sykje we hjoed út.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Tiisdei wienen we yn Dronryp. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)