Nije app foar jeugdhelp moat wachttiden koarter meitsje

Der komt in app om gauwer passende help te finen foar bern en jongerein yn Fryslân. Ferwizers lykas húsdokters en sosjale wurkteams fan gemeenten kinne dêrmei sjen wêr't de wachttiden it minst lang binne,
© Shutterstock, Iren Geo
No is it faak noch sa dat trochferwizers gebrûk meitsje fan fêste adressen dy't mooglik in langere wachtlist hawwe.
Wethâlder Hilde Tjeerdema fan de gemeente Ljouwert is út namme fan alle Fryske gemeenten ferantwurdlik foar it sosjaal domein. Se is bliid dat de beskikberenswizer der komt mei de app. Yn oare dielen fan it lân binne al positive ûnderfinings opdien mei deselde app. Se hopet dat in nij kabinet struktureel ekstra jild op it kleed leit.
It sosjaal domein soarget op dit stuit foar grutte jildpine by Fryske gemeenten.
Hilde Tjeerdema