Fytspaden wurde gefaarlik troch elektryske bakfytsen en steps

28 jul 2021 - 08:09

It wurdt hieltyd mear in gaos op de fytspaden, no't ek lichte elektryske bakfytsen en autopets derop meie. Veilig Verkeer Nederland en it Fytsersbûn liede de needklok.

Foto: ANP

Fytspaden driigje it ôffierputsje fan it ferkearssysteem te wurden, sizze de belangeklups. Se wolle dat der optreden wurdt tsjin de wyldgroei fan nije ferfiermiddelen op it fytspaad. Dat is net goed foar de ferkearsfeiligens.

De historie van het fietspad is dat het een veilige plek moet zijn voor fietsers en zeker voor kwetsbare fietsers

Foarsitter Kees Mourits fan It Fytsersbûn

Maatregels fan minister Van Nieuwenhuizen dat nije ferfiermiddelen op it fytspaad net breder wêze meie as 1 meter, is foar Veilig Verkeer Nederland en it Fytsersbûn net genôch.

Foarsitter Kees Mourits fan it Fryske Fytsersbûn fynt dat de nije elektryske ferfiermiddelen yn de beboude kom wol by de auto's op de dyk kinne. Dan moat der net hurder riden wurde meie as 30 kilometer yn de oere yn plak fan 50. It fytspaad moat sa wer feilich wurde, seit Mourits.

Ferslachjouwer Andries Bakker gie mei de Fryske foarsitter fan It Fytsersbûn nei in fyts-knyppunt ta yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)