Boatsjeminsken fine rêchsek mei deade poes yn kanaal by Ljouwert

Boatsjeminsken ha in rêchsek fûn yn it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert, mei in deade poes der yn. Dat meldt de plysje. De poes wie heechswanger.
© Plysje Ljouwert
De plysje is no op syk nei minsken dy't der mear fan witte.
Neffens de plysje gie it om in swart-wite poes, sûnder chip. Minsken dy't witte wa't san poes hie, of minsken dy't de rêchsek herkenne, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.