Miljoen euro skea by Melle: "It is in kasko"

Trije wiken neidat in fûle brân de keuken fan Café Prins yn Kollumersweach yn de jiske lei, rôlje de earste bestellingen wer binnen. Der is hiel wat wurk ferset.
Neist de bekendste kroech fan Kollumersweach steane no in grutte tinte en in trailer, dy't provisoarysk tsjinje as kafetaria en kroech.
It Café Prins yn Kollumersweach is rûnom yn Fryslân bekend, ûnder oare fan in nûmer fan De Doelleazen: "By Melle". Op YouTube is dêr al hast 200.000 kear nei sjoen. Yn de Fryske top 100 stiet dat nûmer al twa jier op rige op plak 26.
"Stilstean is gjin opsje", seit eigener Melle Prins. "Wy sitte yn 'e flow. It wie in enoarme rollercoaster om it klear te krijen."

Earste broadsje

Tiisdei is it earste broadsje döner wer makke, sûnt de brân fan trije wiken lyn. Yn in tinte. De trailer dy't derneist stiet, is binnenyn in brune kroech.
De brân ûntstie by de fritueroven. Der rekke net ien slim ferwûne, mar it fjoer koe net samar útmakke wurde, en de reek feroarsake in skea fan hast ien miljoen euro.
De keuken fan Café Prins © Omrop Fryslan, Gjaldau Sijtsma
"Der is sa'n roetûtwikkeling frijkaam. Dat is yn alle apparatuer sitten gong, en yn de isolaasje, it houtwurk en sels achter de isolaasje", seit Prins.
Hy moast it gebou hielendal leech helje. "Oan de stiennen ta. It is no in kasko."
Prins wol yn oktober de doarren wer iepenje. Oant dy tiid bliuwe de tinte en de trailer foar de doar stean.