See fan koark makket sportfjilden ûnbespylber

Fuotbalklups FVC en Blauw Wit '34 yn Ljouwert kinne de fjilden de kommende tiid net brûke. Reinwetter hat foar flinke skea soarge.
Sjoch hjirûnder nei de reportaazje fan LEO Middelsé, dêr't Omrop Fryslân mei gearwurket.
It giet om keunstfjilden, dy't mei koark belein wiene. Mei de rein is der safolle wetter oer it fjild kaam, dat de koark der ôf spield is. De fjilden binne no ûnbespylber, seit Wietze Boonstra fan Blauw Wit '34.
Der binne ek fjilden mei rubberkerrels. Dy binne net fuortspield. Dat soe komme troch in opsteande râne, dy't wol om de rubberkerrelfjilden hinne leit, mar net om de koarkfjilden.
Der wurdt no sjoen oft der ek sa'n râne om de koarkfjilden hinne komme kin. Freed moatte de werstelwurksumheden begjinne.
It is net dúdlik wannear't der wer op de fjilden spile wurde kin. "Troch de fakânsje kin it wol wat langer duorje foardat it wurk klear is", seit Boonstra. "Der binne no minder minsken om it op te lossen."