Gjin lege plakken troch Dútske karantêneplicht op Fryske campings

Nije karantêneregels yn Dútslân liede yn Fryslân net ta in eksodus fan toeristen. Op in camping yn Makkum binne noch in protte Dútske toeristen te finen.
"Wy sjogge hjir net it grutste risiko"
Op de camping is te sjen dat de measte easterbuorren gewoan bliuwe. "Fan de kampearders binne der net in soad dy't earder fuort gien binne", seit Fokke de Boer fan camping De Holle Poarte.
Dútsers dy't yn Nederlân fakânsje fiere, moatte no tsien dagen yn karantêne as se weromride nei eigen lân. As se nei fiif dagen negatyf teste, meie se út de karantêne.
De karantêneplicht jildt net foar Dútsers dy't al twa kear prikt binne mei in corona-vaccin. In grut part fan de Dútske folwûksenen hat dy prikken al, mar de bern noch net.
De Dútske toeristen op de camping yn Makkum jouwe har del by it nijs: "Ik bin al faksinearre", seit ien fan de gasten.
"Myn twa famkes moatte wol yn karantêne. Wy bliuwe oant de ein. De famkes ha noch fakânsje, dus dy karantêne is net sa slim. Sa ha we it fan tefoaren ek bepraat."
Net elkenien bliuwt, seit de campingbaas. "By de fêste gasten, dy't hjir in stakaravan ha, binne der wol in pear wat earder nei hûs gien." Hy hat 'in stik as 19' annulearingen hân. "Op 240 reservearringen falt dat bot ta."
Alle plakjes dy't frijkomme troch Dútske annulearringen, wurde fuortendaliks opfolle troch Nederlanners dy't noch in plakje sykje.