Fjoertoerwachter warskôget boatsjeminsken: Havens lizze fol, en ankerje is net feilich

Boatsjeminsken dy't de oerstek nei de Waadeilannen meitsje wolle, moatte goed sjen oft der plak is yn de haven, foardat se fuort geane. Dat seit fjoertoerwachter Peter van Suijlekom.
De haven fan Skylge © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De jachthavens fan Flylân en Skylge binne fol, seit de fjoertoerwachter, en der komt hurde wyn oan. Dan is it net altyd feilich om achter in anker te lizzen.
Neffens waarman Pyt Paulusma kinne der woansdei pittige buien komme, mei tonger, hagel en wynstjitten, benammen yn it Waadgebiet. Hy jout ek in warskôging foar de wettersport.
Freed stiet der yn it Waadgebiet ek noch in wyn fan krêft seis of sân, seit Paulusma.