Skiermûntseach wol Waadskulpen keare: "Dit heart sa net"

27 jul 2021 - 16:05

Fytsers op Skiermûntseach dogge, sûnder dat sy it witte, mei oan in eksperimint. Op twa plakken yn it 40 kilometer lange fytspadenetwurk wurde alternativen test foar de skulpepaden dy't eltsenien kin. Dy paden binne net duorsum en dêrom ferdwine se.

Sa sjocht it der út op Skiermûntseach

"Hjir op Skiermûntseach brûke wy gewoane klaaiskulpen", seit Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten. "Dy komme út de Waadsee, en dat kinne wy eins net meitsje as natuerorganisaasje."

"It is in 'delfstof' en sa wurdt it ek brûkt", seit Zwart. Mar neffens Natuurmonumenten heart soks net, yn de Waadsee.

Dus wurdt dit jier eksperimintearre mei oare ferhurdingen dêr't ek kalk by brûkt wurdt. De kalk fan de skulpepaden dy't de no lizze, soarget foar bysûndere planten by de fytspaden del. Dy profitearje fan in kalkrike omjouwing.

In fytspaad op Skiermûntseach - Foto: ANP

Op ien plak sjocht it fytspaad der fan in ôfstân net hiel oars út, mar as je der tichter op sitte, sjogge je lytse stientsjes. "Dit is in healferhurding dy't je wol sjogge op bygelyks jeu de boules-banen", seit Zwart.

In stik fierderop is in stik fytspaad dat der wat brún útsjocht. Zwart: "Der wurdt hjir wol sein: wy wolle dat knisperjende lûd hâlde, wy wolle de skulpen hâlde."

In paad mei Noardseeskulpen mingd mei kalk - Foto: Omrop Fryslân

En foar dit alternatyf wurde ek skulpen brûkt, mar net fan it Waad, mar de Noardsee. Sy komme fan in plak dat net ûnder de Europeeske natuerbeskermingsregels falt.

Zwart oer it ferfolch: "Nei dit eksperimint sette wy alles op in rige en dan sjogge wy wat it meast duorsum is, it meast passend en hoe't ús gasten der op reagearje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)