Oranjeliuwinnen winne fan Sina mei 8-2 en geane troch nei kwartfinale

It Nederlânske frouljusteam hat de lêste pûlwedstriid mei 8-2 wûn fan Sina. Troch de oerwinning einiget Oranje as earste yn de pûl, se sille dêrom yn de kwartfinale spylje tsjin Amearika. De Fryske Sisca Folkertsma siet foar de Oranjeliuwinnen op de bank.
Oranje tsjin Sina © Orange Pictures
Shanice van de Sanden makke de earste goal yn dizze wedstriid, mar de Sineekse Wang Shanan kaam al rap mei in tsjingoal. Dat wie lykwols net in grut probleem: foar it skoft makke Lineth Beerensteyn noch de 2-1 én de 3-1.

Winne mei 8-2 fan Sina

Nei it skoft kaam de wedstriid al rap wer op gong. Lieke Martens kaam mei de 4-1. Vivianne Miedema, dy't in lyts skoftsje dêrfoar noch foar Daniëlle van de Donk it fjild yn kaam wie, die dat nochris oer en makke de 5-1.
Wang Yanwen kaam foar Sina werom mei 5-2. Mar dêr wie Lieke Martens alwer, mei de 6-2. Har ynset gie sa troch de fuotten fan de keepster fan it Sineekse team hinne. Victoria Pelova makke 7-2 en Vivianne Miedema de 8-2 nei't in korner fan Renate Jansen foar har fuotten telâne kommen wie. Sa einige ek dizze wedstriid mei in grutte oerwinning.